Poëzie

Braak

Helje de ierde fan de ikkers, kij
út de sleat, tiid is fierstente koart.
Leegje it lân, driuw âlde
stappen ta stof, trochkringe
fan ferline, flijen op ‘e brij, wille
en laitsjen, huppelje
efter rollators, knikkerje
mei de ruften fol en gnize
by flarden fan ferstân. Plantsje
plantsjes, nije wille², sa
dat de âlde trêd dûnset yn jonge
fuotstappen.

© 2004 Matty de Vries

stikdonkere nacht

bloed dat kruipt waar het niet gaan
kan, stilhoudt waar het niet meer kruipen
kan, aankruipen kan.

Lijven die niet meer druk bezig zijn
in het donker, handen boven
de dekens, de nagels aangevreten
als mottenballen, het ademhalen
enkel een gewoonte, de balg
van een accordeon die op en neer
hijgt. Verlangen waar allang
de schimmel op staat.

Niks nieuws onder de zon.
Niks nieuws onder de maan.

© 2004 Matty de Vries

neare nacht

Bloed dat krûpt dêr ’t it net gean
kin, stilhâldt dêr ’t it net mear
krûpe kin, oankrûpe kin.

Liiven dy ‘t net mear heisterje
yn it tsjuster, hannen boppe
de tekkens, de neils oanfretten
as kaanferballen, it sykheljen
inkeld in gewoante, de balge
fan in akkordeon dy’t op en del
hymet. Langstme dêr ’t al lang
de skimmel op stiet.

Neat gjin nijs ûnder de sinne.
Neat gjin nijs ûnder de moanne.

© 2004 Matty de Vries

oantinken

it hiem oan ‘e dam ta, de ljochtpeal
de tegels, de muorren, de hage
it hok en it gers
de tún mei de pûltsjes
de beantsjes te droegjen
ús heit mei in bots en mem foar it glês

de knikkerts, it topjen, ferside
it boartsjen, it krythinkersblok
it toudûnserstou
de kralen, de spjeldsjes
it skoalboerd mei krytsjes
de jurken, de huodsjes, ik deftige frou

en ûnder it rak wie in wenhûs fan kleden
de stove, wat kopkes, in panne, in pop
de bear yn ‘e widze, de heit nei it wurk
en de mem paste op

wy gienen de lânnen yn, twambeien sykje
de hikken oer, ûnder it blau fan ‘e loft
de learzens, in amer, de bliedende beien
it lân fan ‘e boeren, de wrâld wie fan God

en ien kear yn it jier om skuon
nei de stêd ta, op ‘e fyts nei it spoar
en dan… feest! yn ‘e trein
it saailân, de ljochtsjes
de eagen de kost en
werom nei de westerein

de wrâld wie net mear as wat bochten
en blaffen, in hûn yn ‘e fierte
in ko by de sleat
it lûd fan de klompen
it ‘hoi’ en it ‘do’ en
dêrbûten wie neat

© 2004 Matty de Vries

Wittewierum

Waar wind stilte is staan
wat huizen in de ruimte, wonen
mensen op een kluitje, koprollen
geruchten over straat.

Hier zeggen weinig woorden veel
en nuchter vinden mensen rust.
Honden blaffen uitgelaten. Nacht
sluit duister uit van licht.

© 2004 Matty de Vries

omrin

it leafst til ik har har lêste jier
lykas hja my myn earste
ik bloeide iepen
hja is sawat fertoarre

har wite hierren aaikje
sa as hja myn sturten strikke
wyt foar de snein
oranje foar it keningshûs
de naad rjocht luts
en dêrmei har fan my

suzenane mem

wy lieten los en groeiden út
as hierren troch de jierren hinne
de lege skoat fol leechte

larmento mori mem

har fuorje as hja my sûnder tosken
har oan ‘t boarst hawwe lykas ik fan har sobbe
har delbêdzje foar it stjerren
as hja my foar it libben

suzenane mem

sa ûnberikber oanrekke
sil ik dy widzje en heine
as lytse poppedijne

© 2003 Matty de Vries