Poëzie

jierdei

Eltsenien sit, de muoikes efter, de omkes
foar, efter de iepen skodoarren. Heite jierdei.

Wêrom bin ik optein as dit gjin feest is – der is
tsiis, der binne sigaren en hja komme net eltse
dei, waarmer is de keamer, somtiids wurdt der sels
lake. Letter meie wy op bêd, nei it kâlde boppen, mei
myn suster yn it oardelpersoansbêd
(dit is myn helte, do leist op minent).
Izich liket it dêr, hjir is it te dwaen, mar
wat –

Fan de ien nei de oare sjoch ik, inkel kleur op
har wangen, har ideeën swart en wyt.

Oandwaanlik oppenearje hja har
boppe jonge en abbekaat,
de mienings as dimpers op de eangstme,
de eachopslach
amper op it libben sels rjochte.

© 2005 Matty de Vries

Stamboom

Knokig en oud, totempaal in het gras,
waar schaduw omheen draait als
een verlegen vrouw, altijd in de buurt,
maar nooit één met jou.

Cactus in een groenwoestijn,
weer kleed jij je met voorjaar aan,
fier je voet bij stuk in aarde.
Kinderen spelen je voorbij.
Schoolboeken fietsen langs je
heen. Wind tilt wat blad is, op en
jaagt je loeiend uit model.

Stil komen lente, winter gaat.
Jij gord je in een piepjong groen
en staat als streep in horizon.

© 2005 Matty de Vries

stambeam

Bonkich en âld, toatempeal yn it gers,
dêr’t skaad omhinne draait
as in skruten frou,
altiten yn ‘e buert,
mar nea ien mei dy.

Kaktus yn in grienwoastyn,
wer klaaist do dy mei foarjier oan,
kein dyn foet by stik yn ierde.

Bern boartsje dy foarby.
Skoalboeken fytse by dy del.
Wyn tilt wat blêd is, op en
jeit dy âljend út model.

Stil komt maitiid, winter giet.
Do rissest dy yn piipjong grien
en stiest as streek yn hoarizon.

© 2005 Matty de Vries

Stad

In mijn schoot zingen stemmen laveloos
nachten die niet donker worden, aaneen. Licht
wroet als een deken over katten die in stegen
huis houden en voorjaar aanroepen in maart. Ouden
zitten op een plein, strammer dan de jongeren die
kopje onder gaan in dansen, disco, bier en stuff.

Tassen tillen schoolboeken om in hoofden
thuis te raken,
fietsen wachten als honden in een hok. Kleinen zijn
onwennig ijverig met plaksel en papier, tuimelen
met gezondrode wangen dichtbij thuis, schreeuwen
op schommels als de zon op hun spelen schijnt.
Huizen kruipen elkaar aan.
Torens reikhalzen de lucht en stilte in, schudden
de drukte in mij meedogenloos van zich af.

© 2005 Matty de Vries

stêd

Yn myn skurte sjonge stimmen stomdronken
nachten dy’t net tsjuster wurde, oanien. Ljocht
wrot as in tekken oer katten dy’t yn stegen
húsmanje en maitiid oanroppe yn maart. Âlden
sitte op in plein, strammer as de jongerein dy’t
kopke-ûnder giet yn dûnsjen, disko, bier en stuff.

Tassen tille skoalleboeken
om yn hollen thús te reitsjen,
fytsen wachtsje as hûnen yn in hok. Lytsen binne
wanwennich warber mei plaksel en papier, tobbelje
mei sûnreade wangen tichtby thús, raze op soeiers as
de sinne op har boartsjen skynt.
Hûzen krûpe inoar oan.
Toeren langhalzje de loft en stilte yn, skodzje
it leven yn my ûnmeilydsum fan har ôf.

© 2005 Matty de Vries

Braak

Haal de aarde
van de akkers, koeien
uit de sloot, tijd is veel
te kort. Leeg het land, drijf
oude stappen tot stof,
doordrenkt van verleden,
vellen op de pap, lol
en lachen, huppelen
achter rollators, knikkeren
met volle luiers en lachen
bij flarden verstand. Plant
plantjes, nieuw plezier², zo
dat de oude tred danst in jonge
voetstappen.

© 2004 Matty de Vries