Poëzie

Zeven

Tot aan het tafeltje met mem, daar is
de stoel, school en de juf, het avontuur
van letters, krassend
krijt en van een ander leren.

Juf huist achter bril en
mem zwaait achter glas.

© 2008 Matty de Vries

Byld

Leppeltsjes reare kofje yn ‘e rûnte
op it taffelskleed. Skonken stekke út heite
baitsjebokse, omke Tsjidsgers stúsjekoarden
broek en ûnder memme skelk út. Der wurdt oer
oaren praat, altiid oer oaren.

Stof dûnset boppe de stove mei de brune
boarterskopkes yn in striel sinne ûnder de tafel.
De pop en stilte drinke sûnder euvelmoed
kofje by my. De skonken binne behang foar
it hûs dêr’t it noflik en ljocht en sêftlûdich is.

© 2006 Matty de Vries

moanne

Himellichem dat kiekeboe boartet mei
lyts en grut. Bist der, bist der net, bist der
heal. Bernefingers wize dy oan.

Tsjuster omearmet dy, tilt dy op en lit dy
sakje. Do lûkst en triuwst it wetter
fan de see, dat ûngeduerich dûnset, oan,

ropst romantyk, dompelst
lân en lovers ûnder yn
leafdesljocht,

leist op ‘e kop yn
‘e grêft en driuwst mei my
op nei hûs.

© 2006 Matty de Vries

schijnHeilig

angstogen in de kleuterklas, bisschop
in een rode jas, overjarig schimmelpaard
wattenbaard en alleswetend
groot het boek van zoet en stout
pepernoten, zakken zout op school waar
alles waar en met de bijbel
zonneklaar bestaan verkleurde

totdat in jou een ander school
gekloond de jas en onbezoedeld
wit van warme schoot

bevreemdend

wat eronder was
en wie

© 2006 Matty de Vries

Vader in de kop

Thee kleurt de foto van mijn vader bruin
oud drijft hij tegen de kant van de kop
naast tantes die – allang net zo dood als hij
niet meer in kransen drinken – mij roeren.

Ik neem hem mee – de enige foto
van hem, jong en ouder als ouder
tot hij valt en moeder hem terughuilt
met haar ogen.

Dan maar weer in mij bivakkeren, nooit
vrij onder haar vleugels en niet anders
gewild afhangend van elkaar.

Ik er tussenin altijd schipper, mag ik over
varen ja of nee. Heen en weer zonder grond
onder de voeten.

© 2006 Matty de Vries

heit

ljochtblauwe eagen ûnder
de flappe fan de pet
in poel fol ûnberikberens

grutte hannen als koalsblêden
ylterich read en fol skrammen
plakkers fan alle bannen

bryk groeide rêch
drommedarisbult fan soarch

holle as in liderke
fol fan prakkesaasjes

fuotten fergroeid troch te lytse
skuon yn grutte klompen
mei stikjes flierbedekking
syn wente

tusken planken it hûs út tild
troch fjouwer swarte mannen
dy’t de bocht yn ‘e gong
net krije koenen

eigenaardich

net mear warber

bring werom!

© 2005 Matty de Vries